Boeren fertsjinje minder as oars

© Omrop Fryslân
Boeren en túnkers fertsjinje dit jier minder as ferline jier. Yn trochsneed is it ynkommen mei 15% tebekrûn. It hat sûnt 1993 net sa leech west. Reden binne ûnder oare de lege prizen fan ierdappels, molke en fleis.
De sifers binne bekendmakke troch it Lânbou-Ekonomysk Ynstitút (LEI). Neffens boere-organisaasje LTO leit it him oan it strangere miljeubelied. Dêrtroch wurdt de konkurrinsje mei oare Europeeske lannen hieltyd dreger.