Ljouwert besuniget op WIW-banen

16 des 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert besuniget flink op de WIW- en ID-banen. Dat binne de eardere Melkert-banen. Yn Ljouwert geane dêrtroch tsientallen banen ferlern. Wethâlder Brok hat de belutsen ynstellings moandei op de hichte brocht.

Hy dielde mei dat der in fakatuerestop komt en dat de tydlike tsjinstferbannen net ferlingd wurde meie. Fierder wurdt der besunige op de leanen. De maat- regels geane tiisdei al yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)