Gjin rydeksamens op glêde diken

16 des 2002 - 00:00

Minsken dy't moandei rydeksamen dwaan moasten, hoechden net ôf te riden. De eksamens wiene fanwege de izel ôflast. It CBR besjocht per oere oft it fertroud is om in eksamen trochgean te litten. Kandidaten kinne it bêste kontakt opnimme mei harren ynstrukteur.

Guon streekbussen begûnen yn de rin fan moandeitemoarn wer te riden. Hokker, dat is nei te lêzen op teletekst. Fierder rint Rendac fertraging op mei it opheljen fan kadavers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)