Aksje GrienLinks foar Kistwurk

16 des 2002 - 00:00

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat it ûnderwerp Kistwurk skrast wurdt fan de Steatewurklist fan kommende woansdei. Kistwurk is in literêr blêd dat sawol op papier as op ynternet útkomt. It agindapunt soe ferskood wurde moatte nei febrewaris.

Neffens GrienLinks hawwe de steateleden net genôch tiid hân om har yn te lêzen. Eeltsje Hettinga fan Kistwurk is net bliid mei de aksje fan GrienLinks. Kistwurk mei fan him gjin spylbal wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)