Glêdens ûntregelet ferfier

© Omrop Fryslân
Troch de glêdens binne moandei in soad saken ûntregele. Ferskate oanridings fûnen plak, mei meast blikskea. Gemeenten, provinsje en Rykswettersteat wiene drok dwaande om de diken iisfrij te meitsjen.
De bussen fan Arriva en NoordNed riden net oant de diken wer fertroud binne. De treinen riden wol. Ferskate skoallen yn it middelber ûnderwiis hawwe de bern moandeitemoarn frijjûn om't it sa glêd is.