Blijenhof foar in part opknapt

14 des 2002 - 00:00

Hospitium De Blijenhof yn Burgum iepene sneon de earste alve fernijde keamers. In trijehûndert minsken kamen ôf op de iepen dei. De krisisopfang is ornearre foar minsken dy't tydlik plak nedich hawwe. Mei troch de minne steat fan it gebou wie it lange tiid ûnmooglik om bern op te nimmen.

De renovaasje hat lang op him wachtsje litten, want der wie gjin jild foar. De rest fan de opknapbeurt kin no ek oangean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)