Eksmoarre iepent eigen iisbaan

14 des 2002 - 00:00

Noch net alle doarpen fan Fryslân hawwe in iisbaan. De ynwenners fan Eksmoarre en Allingawier hawwe jierren wachtsje en krewearje moatten, mar sneon wie it safier. De nije iisbaan yn Eksmoarre waard offisjeel iepene troch boargemaster Piersma fan Wûnseradiel.

Doe't it beslút ferline jier naam wie, waard IIskâld oprjochte, de nije iisklup fan Eksmoarre en Allingawier. De iisbaan hat 55.000 euro koste en is oanlein troch yngenieursburo Oranjewâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)