Ledetal Alfstêdeferiening sakket

© Omrop Fryslân
It ledetal fan de Alvestêdeferiening rint werom. Ferline jier hawwe goed 1500 reedriders it lidmaatskip opsein. Sekretaris Dykstra makke dat freed bekend op de jiergearkomste fan de alvestêdeferiening yn it FEC. Benammen jonge leden sizze har lidmaatskip op.
Behalve leden hat de Alvestêdeferiening ek jild ferlern. Der waard 10.000 euro ferlern troch ferlies yn oandielen. Dochs waard it jier ôfsletten mei posityf saldo.