Nij djiptepunt foar Cambuur

14 des 2002 - 00:00

Cambuur makke freed yn it eigen stadion yn Ljouwert in drege jûn troch. De Ljouwerters giene mei mar leafst 1-6 ûnderút tsjin Go Ahead Eagles. It publyk hie al gau syn nocht by in strieminne wedstriid en in iiskâlde temperatuer.

It Cambuurdoelpunt waard makke troch Durmusoglu. Ferrier makke noch in eigen goal. It wie it twadde grutte ferlies thús foar Cambuur dit seizoen. Earder waard mei 1-7 fan Heracles ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)