Noch gjin lean foar Friteco

13 des 2002 - 00:00

De wurknimmers fan it Drachtster Friteco moatte noch langer op har lean wachtsje. Dizze wike soe it fallisemint útsprutsen wurde oer it ynstallaasje-bedriuw, mar dat is net trochgien. Friteco is in susterbedriuw fan it earder fallyt giene Westerbaan.

De FNV neamt it skandalich dat de wurknimmers net betelle krije. Wol ûntfongen dy in foarskot fan fiifhûndert euro. Wa't dat betelle hat is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)