Noordned wol gjin kursus Frysk

13 des 2002 - 00:00

Transportbedriuw Noordned is net fan doel om meiwurkers op Fryske les te stjoeren. Noordned reagearret dêrmei op it foarnimmen fan 'e provinsje om it Frysk ek yn it iepenbier ferfier better syn gerak te jaan. Neffens de provinsje moat it personiel op bussen en treinen yn Fryslân Frysk ferstean kinne.

Noordned fynt it best as Fryske kondukteurs Frysk prate, mar wol it personiel net ferplichtsje om Frysk te learen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)