Folkerts kampioen koartebaan

13 des 2002 - 00:00

Arjen Rients Folkerts fan Ealahuzen waard tongersdei de nije Fryske kampioen reedriden op de koartebaan. Op de iisbaan fan Stiens waard Gerrit Albada fan Balk twadde en Jeffried Visser fan Wytgaard tredde.

De grutte favoryt Arjan Samplonius fan De Lemmer wie de fjirde man yn de finale, mar hy starte yn de earste finalerit tsjin de lettere kampioen Arjen Folkerts twa kear net goed en waard diskwalifisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)