Warskôging: net op iis komme

© Omrop Fryslân
It iis yn Fryslân wurdt rap minder betrouber. De beferzen wetters by Akkrum en omkriten binne ûnbetrouber. De iisferiening warskôget riders net it iis op te gean by de Terkapler Puollen, Kromme Knilles, it Sylroer en de Boarn nei Aldeboarn. Om't de wetters yn ferbining stean mei it PM-kanaal is it iis net dik genôch.
De tocht dy't de feriening fan it wykein by Terherne hâlde woe, giet net troch.