Maraton Nannewiid no op sneon

© Omrop Fryslân
De maraton op iis by Nannewiid is ferskood fan freed nei sneon. It iis foar de '100 fan Aldehaske' wie freed net dik genôch op alle plakken. De organisaasje hie doe in fersyk by de KNSB yntsjinne om de wedstriid op sneon te hâlden. Dat fersyk is honorearre. De start is sneontemoarn 9.00 oere.
De toertocht op de Iselmar by Surch is freed in grut sukses. Der binne hûnderten dielnimmers op it iis. De tocht duorret de hiele moarn.