Mooglik jachthaven by Jistrum

12 des 2002 - 00:00

Op it yndustryterrein Skûlenboarch by Jistrum komt nei alle gedachten in jachthaven. De belutsen gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen oerlizze hjiroer mei de provinsje. Neist in jachthaven moat der ek in sândepot komme en der moat in ûntslutingsdyk oanlein wurde.

Foar de provinsjale steateferkiezingen yn maart moat der mear dúdlikheid oer de plannen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)