NK klune... yn Grins

© Omrop Fryslân
Wa't leaver net rydt, mar wol aardichheid hat oan klunen kin tongersdei yn Grins syn gerak krije. Dêr is dan op de Vismarkt, fier by al it iis wei, it Nederlânsk kampioenskip klune.
Manlju moatte santich meter mei de redens oer flierbedekking rinne, froulju sechtich. Ynskriuwe kin oant de start fan it evenemint, om acht oere jûns. De klúnwedstryd is in aksje fan studintereedrydferiening Tjas.