Benzinestasjons feild

© Omrop Fryslân
It benzinestasjon oan de N31 yn Smellingerlân komt yn hannen fan de oaljemaatskippij Q8 út Koeweit. Q8 wie de heechste fan trije bieders mei dik ien miljoen euro. It benzinestasjon oan de A7 yn Skarsterlân brocht 700.000 euro op. Oliehandel Nederland BV is de nije eigner. Mandelân by Ljouwert bliuwt fan Shell.
De oerheid feilt alle pompstasjons oan sneldiken. Doel is mear konkurrinsje en legere prizen foar de konsumint.