Kroes: praat oer tocht te betiid

© Omrop Fryslân
Foarsitter Henk Kroes fan 'e Alvestêdeferiening fynt it fierstente betiid om sels mar te praten oer in mooglike Alvestêdetocht. It measte bûtenwetter, lykas de Swette tusken Ljouwert en Snits, leit foar in part noch gewoan iepen. Boppedat is it wetter ek noch yn beweging; der wurdt noch meald troch it wetterskip en der is ek noch gjin farferbod.
Freed komme de rayonhaden wol byinoar, mar dy gearkomste wie al langer pland.