Brander helpt by Alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Mei in pear dagen froast tinke de Friezen fuort oan in Alvestêdetocht. Mocht dy der komme, dan komme de tribunes en ôfsettingen by de start en finish fan de nije bedriuwen fan Jouke Brander, fan it eardere Westerbaan. It bedriuw dat lêsten fallyt ferklearre is, fersoarge de fasiliteiten der al jierren foar.
Henk Kroes hat al oerlis hân mei Brander. Nei it fallissemint bliuwt er wol lid fan it alvestêdebestjoer.