Cambuur noch kâns op keunstgers

10 des 2002 - 00:00

Cambuur is mei Heracles noch yn 'e race foar in keunstgersfjild. De ôfdieling betelle fuotbal fan de KNVB besleat moandei dat de earedivyzje mei twa gadingmakkers ôffalt. De gearkomste makke noch gjin kar tusken Cambuur en Heracles.

De kommende 14 dagen wurdt besletten hokker klup foardroegen wurdt foar it pilotprojekt keunstgers fan de Uefa. Dy klup kin dan rekkenje op in subsydzje fan 200.000 euro fan de Uefa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)