Koartebaanwedstryd yn Haulerwyk

09 des 2002 - 00:00

De iisklub fan Haulerwyk skreau moandei de earste koartebaanwedstryd fan it seizoen út. Dêrmei hie Haulerwyk in lanlike primeur. Begjin dit jier wie dat ek al it gefal.

De omstannichheden foar de wedstryd wiene moandei optimaal. Der diene 26 riders mei. De measten diene de jûns mei oan de koartebaanwedstryd fan Nijelamer. Johannes Samplonius wûn de earste koartebaanwedstriid. Hy fynt ride op natoeriis 'machtich moai'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)