Wâldrock op 21 juny

© Omrop Fryslân
De sechtjinde edysje fan Wâldrock wurdt op 21 juny 2003 hâlden, sa hat de organisaasje moandei bekend makke. De foarferkeap begjint op 1 febrewaris.
Der binne op it festivalterrein oan de Simmerwei yn Burgum wer twa poadia. Ferline jier waard der in proef hâlden mei twa poadia om romte biede te kinnen oan mear bands. Om't in soad besikers dêr entûsjast oer wiene, wurde de twa poadia in fêst ûnderdiel fan Wâldrock. Der kinne sa 15 oant 17 bands spylje.