Tuchtkolleezje dokters Drachten

09 des 2002 - 00:00

Twa dokters fan sikehûs Nij Smellinge yn Drachten moasten moandei foar it medysk tuchtkolleezje ferskine yn Grins. Se wurde beskuldige fan in ferkearde diagnose en behanneling fan de poppe Roy, dy't ferline jier july ferstoar.

De flater waard fiif dagen nei de dea ûntdutsen doe't Roys twillingbroer ek siik waard. Yn it sikehûs fan Apeldoorn waard bekend dat de twa hemofily hiene. Dat wie yn Drachten net ûntdutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)