Mooglik keunstgers foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur krijt moandei te hearren oft der takom seizoen in keunstgersfjild oanlein wurde kin yn it Ljouwerter stadion. De KNVB wiist moandei op de gearkomste fan it betelle fuotbal in klub oan dy't goed 200.000 euro taskikt krijt fan de Uefa.
Fjouwer klubs binne yn 'e race foar it pilotprojekt keunstgers fan de Uefa: De Graafschap, AZ, Heracles en Cambuur. Cambuur wol graach keunstgers om't de trainingsakkommodaasje min is.