Oanhâlding oerfal Kollumersweach

09 des 2002 - 00:00

De plysje hat de oerfal op de 85-jierrige Sibbele Hietkamp út Kollumersweach oplost. Trije manlju út itselde plak binne yntusken oanholden en hawwe bekend.

Hietkamp waard freedtemoarn betiid oerfallen yn syn wente. Hy waard dêrby stutsen mei in mes. Hietkamp leit noch hieltyd yn it sikehûs. Syn tastân is stabyl. By de oerfal waard 120 euro meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)