De earste streken op natueriis

08 des 2002 - 00:00

Inkelde tsientallen toerriders hawwe snein by Ljouwert de earste streken op it bûteniis set. Op it lâniis fan 'e Ryptsjerksterpolder hâldde it iis it sneintemiddei nei ien nacht froast goed genôch om it te besykjen.

De 81-jierrige Yde Jonker fan Ljouwert wie ien fan 'e earsten. "It kreake oeral. It kin eins noch net", wie it kommintaar fan 'e man, dy't alle winters besiket om as ien fan 'e earsten in pear streken te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)