Boutiette wint maraton Dimter

08 des 2002 - 00:00

It maratonpeleton hie sneon yn Dimter oars gjin praat as natoeriis en lei de koers dêrom dea. Demaraazjes waarden net tastien, ek net fan 'e Frânsman Michaud. De einsprint waard wûn troch KC Boutiette foar Heideman. Bert Jan van der Veen waard fyfde, Jeroen de Vries 10de, Peter de Vries 12de.

By de froulju foel Jenita Hulzebosch. Se ferspile in rûntsje, pakte dat letter werom en wûn dochs noch. Petra Grimbergen waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)