Wiersma 30ste op LPF-list

08 des 2002 - 00:00

Harm Wiersma fan Goutum fielt him ôfserveart troch de Lijst Pim Fortuyn. De âld-wrâldkampioen damjen is sneon op 'e ledegearkomste fan 'e partij op it 30ste plak keazen op 'e list foar de kommende Twadde Keamerferkiezings.

Hjirmei komt in ein oan Wiersma syn koarte karriêre yn 'e Twadde Keamer. De teloarstelling by Wiersma wie sneon sa grut dat er noch foar de stimming de seal ferliet. Wiersma wol him no rjochtsje op de steateferkiezings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)