Sinnema wint loop yn Frjentsjer

07 des 2002 - 00:00

Rudy Sinnema wie sneon de sterkste by de loop oer 10 Ingelske mijl yn Frjentsjer. De Ljouwerter gie al nei 4 kilometer op 'e solotoer en finishte nei 55 minuten en 11 sekonden. Ynze Stienstra waard op 54 tellen twadde, tredde waard Klaas Blik fan Bedum en fjirde René van Kaam fan Marrum.

By de froulju wûn Yvonne Kassenberg fan Burgum yn 1.07.58 Se hie in foarsprong fan seis menuten op de nûmer twa en dat wie Rennie Talsma fan Mantgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)