Bûten sliepe foar de Stones

© Omrop Fryslân
Inkelde tsientallen Fryske Stones-fans ha de nacht fan freed op sneon foar de doar fan it Ljouwerter postkantoar trochbrocht. Dêr begûn sneontemoarn de ferkeap foar twa Stoneskonserten yn augustus takommend jier. Dy konserten wiene yn oardel oere tiid útferkocht.
De bûtendoarsliepers hiene de bêste strategy. Kaartsjes keapje fia it 0900 nûmer of fia ynternet slagge net. Fanwege de grutte belangstelling sille de Stones no in tredde konsert jaan.