Foar it lêst in krystpakket?

© Omrop Fryslân
It kin wolris it lêste jier wêze dat in soad minsken in krystpakket fan 'e baas krije. It ryk sil takommend jier belesting heffe oer it krystpakket en dat kin wolris de nekslach wurde foar dit tradisjonele desimberkado.
De gefolgen kinne grut wêze, want yn 'e pakketten giet 100 miljoen euro yn't jier om. Direkteur Veltstra fan it bedriuw Desimo, dat krystpakketten fersoarget, tinkt dat hy takommend jier minsken dien jaan moat.