Hoannekraai-striid yn Frjentsjer

07 des 2002 - 00:00

Yn sporthal de Trije yn Frjentsjer wie freed foar de tredde kear in wedstriid hoannekraaien. De wedstriid is part fan it 80-jierrich jubileum fan 'e Fryske hinneklub. Dy hâldt dit wykein de jierlikse bisteshow yn 'e sporthal.

By de hoannekraaiwedstriid moat de hoanne yn 10 minuten tiid sa faak as mooglik kraaie. Der diene 24 hoannen oan de kompetysje mei. De hoanne fan Ypma út Snits wûn, want dy joech 21 kear lûd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)