No al drokte by redensfabryk

06 des 2002 - 00:00

De winter moat noch út ein sette, mar by redensfabryk Zandstra is it no al tige drok. It bedriuw set foar de kommende dagen twa kear safolle personeel yn.

Neffens direkteur Zandstra rint it stoarm. Dat soe komme troch it feit dat de winter lang oan liket te hâlden. "En de lêste is al even lyn, dat in soad bern binne út har redens groeid," seit Zandstra. "As it sa drok bliuwt, ha wy foar twa jier wurk."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)