Nije wike maraton op natoeriis?

© Omrop Fryslân
De foarsitters fan 'e iisferienings fan Noordlaren en Veenoord yn Drinte binne al wer knap senuweftich oan it wurden. Foar dit wykein wurdt froast ferwachte en dat betsjut dat beide klubs fuortendaliks úteinsette mei de organisaasje fan de earste maraton fan it seizoen op natoeriis.
Dy earste maraton soe as de froast trochset mooglik al begjin nije wike hâlden wurde kinne. Ferline jier wie Veenoord Noordlaren krekt foar.