Noardlike havens foarmje front

06 des 2002 - 00:00

De seehavens yn Harns, Lauwerseach en Delfsyl wolle meiïnoar ien front foarmje om har ekonomyske posysje te behâlden. De havens hawwe krektlyn in parsekonferinsje jûn wêryn se de noardlike provinsjes oantrune ta aksje. Sa soe de provinsje gau begjinne moatte mei de oanpassing fan de farrûte Koarnwertersân - Harns.

Ek de plesierfaart soe mear romte krije moatte. De trije noardlike havens foarmje it fjirde havengebiet fan ús lân

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)