Gjin nije pastorij foar Surhuzum

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen stiet net ta dat de Nederlânsk Herfoarme gemeente yn Surhuzum in nije pastorij bouwe sil oan it Langpaed. It inisjatyf is yn striid mei it bestimmingsplan, fynt it kolleezje fan B&W.
It tsjerkebestjoer wol in nije pastorij bouwe, om't it hjoeddeiske ûnderkommen fan de dûmny net mear oan de easken foldocht. Dat gebou hat ûnder mear te krijen mei lûdsoerlêst en in gebrek oan privacy.