'Kokkelfiskers útkeapje'

© Omrop Fryslân
De kokkelfiskers op de Waadsee moatte daliks útkocht wurde. Dat seit de Waadferiening yn reaksje op de útspraak fan de Raad van State. Kokkelfiskers meie no oant 20 desimber ek yn de sletten gebieden fan de Waadsee fiskje. Dat binne neffens de miljeuorganisaasje beskerme gebieden.
De kokkelfiskers mochten oant no ta allinnich yn iepen gebieden fiskje. Direkteur Revier hoopt dat it útkeapjen in polityk spearpunt wurdt.