Erkenning foar godstsjinstkursus

© Omrop Fryslân
De kursus foar godstsjinstlearaar yn it iepenbier ûnderwiis fan de NHL hat lanlike erkenning krigen. De proef mei de kursus fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert duorret no twa jier. Tema's as wrâldsgodstsjinsten en de kristlike tradysje binne wichtige ûnderdielen.
Der is ferlet fan de kursus, om't iepenbiere skoallen ferplichte binne om leararen mei foech foar godstsjint- lessen oan te nimmen. Ek oare hegeskoallen biede de kursus no oan.