'Beslút nimme oer Suderseeline'

05 des 2002 - 00:00

It beslút oer de oanlis fan de Suderseeline mei net fierder fertrage wurde. Dat skriuwt foarsitter Alders fan de Stjoergroep Suderseeline yn in brief oan de keamerkommisje. It demisjonêre kabinet moat de ôfspraken neikomme en sa gau as mooglik in gearwurkingsoerienkomst tekenje.

Alders is der benaud foar dat in nij kabinet de oanlis in legere prioriteit jaan sil. De Suderseeline moat de Rânestêd mei it Noarden ferbine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)