Snieûlen meie nei Finlân

© Omrop Fryslân
De twa snieûlen dy't sûnt ferline jier yn De Fûgelhelling yn Oerterp sitte, meie nei Finlân ta. De útsetting waard tsjinhâlden troch it ministearje fan lânbou. Nei in sûnensferklearring en advys fan in tal ûle-eksperts wurde de bisten foar de jierwiksel nei Finlân brocht.
De ûlen kamen nei in swiere stoarm yn Nederlân telâne. De Fûgelhelling hat in heal jier dwaande west om de ûlen nei har oarspronklike omjouwing te krijen.