Boete foar PCBO

05 des 2002 - 00:00

Tsjin it PCBO yn Smellingerlân is in boete easke fan 4500 euro, wêrfan de helte ûnder betingst. It bestjoer fan de tolve kristlike basisskoallen stienen tongersdei foar de rjochter.

Neffens de arbeidsynspeksje hâlde de skoallen de wurkoeren fan de leararen net goed by en dat mei net fan de wet. It PCBO fynt it byhâlden te burokratysk en hat sels in systeem betocht. Dêr is de ynspeksje net oer te sprekken. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)