Rink van der Velde-priis

© Omrop Fryslân
De Fryske literatuer hat der in nije priis by. De Friese Pers Boekerij ropt mei de gemeente Smellingerlân de Rink van der Velde priis yn it libben. Yn 2004 wurdt de priis foar oarspronklik Frysk proaza dat in breed publyk fertsjinnet it earst útrikt. Dat bart oan it begjin fan de Fryske Boekewike.
De twajierlikse priis bestiet út jild en in byldsje fan Anne Woudwijk. Takom jier ferskynt der in biografy oer de ferline jier ferstoarne skriuwer.