Hynstesintrum yn swier waar

© Omrop Fryslân
It Frysk Hynstesintrum yn Drachten sit finansjeel yn swier waar. Neffens Smid fan it Frysk Hynstestamboek, de eigner fan it kompleks, moat reorganisearre wurde. Dêrby sille fral by de hoareka banen ferlearn gean. Ek oare ôfdielingen wurde kritysk besjoen.
It sintrum wurdt oardel jier brûkt. De tongblierkrisis soe neffens Smid laat ha ta de minne finansjele sitewaasje. Ek de administraasje wie net goed op oarder.