Friesland Bank sponsort Slachte

04 des 2002 - 00:00

De Friesland Bank is de haadsponsor fan de twadde Slachtemaraton yn 2004. Mei hoefolle euro's is net bekend makke. De earste maraton wie mei Simmer 2000 en waard betelle út it Frysk Festival.

De organisaasje siket noch mear sponsors. It belied is dat der net tefolle reklame wêze moat by de Slachte. Mooglik wurdt dat lestich by it sykjen fan oare sponsors. It jild is benammen nedich foar it kulturele part fan de Slachtemaraton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)