Miljeuregels Atoglas besjoen

© Omrop Fryslân
De miljeuregels foar Atoglas yn Ljouwert binne net dúdlik genôch. Dat fine buertbewenners en de Fryske Miljeufederaasje. Se wolle dat de regels helderder wurde sadat se it bedriuw better kontrolearje kinne.
De Rie fan Steate bûcht him oer de miljeufergunning dy't de provinsje lêsten ôfjûn hat. Atoglas hat goed trije miljoen euro ynvestearre om oan de miljeu-easken te foldwaan. Utspraak folget oer seis wiken.