TVM gjin sponsor maratonploech

© Omrop Fryslân
TVM hâldt oan de ein fan dit seizoen op mei de sponsoring fan de maratonploech. Ek dochterbedriuw Hercules hâldt der dan mei op.
Hercules sponsort no noch de opliedingsploech fan TVM. Yn dy ploech hat ien Fries in kontrakt en dat is Martijn Kromkamp fan Wolvegea. De bedriuwen hâlde op mei it sponsorjen om't der gjin ekstra wearde is. TVM krijt genôch oandacht troch de langebaanploech dêr't Ritsma yn sit.