Gasten wolkom by Cambuur

© Omrop Fryslân
Seizoenkaarthâlders fan Cambuur krije by de lêste thúswedstriid fan dit jier de gelegenheid in gast mei te nimmen. Foar priis fan 5 euro kin dan de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles folge wurde.
Cambuur hat 2500 seizoenkaarthâlders en de direksje hopet dat dizze aksje tûzen ekstra besikers opleveret. De kaarthâlders krije fan 'e wike in brief mei de útnoeging de frou, freondinne, buorman of buorfrou mei te nimmen.