CHN wol provinsjegrins oer

04 des 2002 - 00:00

De kristlike hegeskoalle CHN yn Ljouwert wol selsstannige festigings yn Grins en Emmen oprjochtsje. De skoalle hat al pabo-opliedings yn dy stêden. Dy sitte yn gebouwen fan de pleatslike hegeskoallen. Mei dy hegeskoallen hat de CHN ek oerienkomsten sletten oer gearwurking. De CHN wol no los fan de gebouwen fan 'e Hanzehogeschool en de Hogeschool Drenthe eigen kristlike hegeskoallen oprjochtsje yn twa oare provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)