Nij oldtimermuseum

04 des 2002 - 00:00

Oan 'e Eastersingel yn Ljouwert komt mooglik in museum foar oldtimers. Plak fan festiging is de autospuiterij fan Ringma. Inisjatyfnimmer is âld- direkteur Geersing fan 'e Frigem.

Geersing socht romte foar de útstalling fan syn priveekolleksje fan tritich âlde auto's. Dêrnjonken sil yn it nije museum ek in grutte modelspoarbaan, in kolleksje haute couture en guod foar radiokommunikaasje te besjen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)