Hûs en Hiem knypt eachje ticht

© Omrop Fryslân
In hûs bouwe sa't men dat sels wol. Dat is aansen fierhinne mooglik yn 'e Ljouwerter wyk Suderbuorren. De gemeente hat twintich kavels oanwiisd as 'proeftûn'. De oars sa strange wolstânskommisje Hûs en Hiem knypt in eachje ticht. Dy't syn hûs rôze fervje wol, mei dat dwaan.
Lykwols, der is ien betingst: de huzen moatte wol miljeufreonlik boud wêze. It diel fan 'e wyk krijt de tapaslike namme 'De Frijheid'.